Gemeentebelangen Lemsterland giet op yn de FNP
AKTUEEL: Jo kinne jo ek abonnearje op de RSS nijs feed:
19-01-2012 -
FNP fiert 50-jierrich jubileum mei grut feest (fotoferslach) (Nijs - Algemien)
It wie sneon 14 jannewaris grut feest yn de Bûtenpleats yn Earnewâld. De FNP fiert dit jier syn 50ste jierdei, alle reden dus om breed út te pakken. Mar leafst sa'n 270 minsken seagen hoe't sterke man en FNP'er Wout Zijlstra de byienkomst iepene mei it swurd fan Grutte Pier.
07-12-2011 -
Sinnepanielen op dak grutte nije stâlen (Nijs - Algemien)
De Steatefraksje fan de FNP wol dat it dak fan nije pleatsen geskikt makke wurdt foar sinnepanielen. Nije stâlen moatte dêrfoar sa folle mooglik op it suden rjochte wurde. Sa kinne nije grutte melkfeebedriuwen tagelyk ek skjinne enerzjy opwekke.
04-11-2011 -
Tiden feroarje! (Nijs - Fraksje)
"We binne al tiden dwaande mei takomst fan ús nije gemeente de Fryske Marren (wurknamme). Fan no ôf moatte wy oparbeidzje mei ús fúzjepartners Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân, om dy takomst fierder te bepalen.
31-10-2011 -
Us man yn Brussel (Nijs - Fraksje)
Skaadfraksje- en bestjoerslid Olrik Bouma is keazen as stazjêr by de Europeeske Frije Alliânsje (EFA).
30-10-2011 -
Nacht fan de Nacht 2011 rûnom it Nannewiid (Nijs - Fraksje)
Yn de 'Nacht fan de Nacht' op 29 oktober hawwe ús riedsleden Jochum Meester en Wiebe Hoekstra mei dien. Hja rûnen mei in sechstichtal oare dielnimmers mei oan in tocht fan sa'n njoggen kilometer om it feangreidemarke It Nannewiid hinne.
30-10-2011 -
Gosse Bootsma, fraksjefoarsitter GB Lemsterland, ferstoarn (Nijs - Algemien)
Woansdei 26 oktober 2011 is Gosse Bootsma, fraksjefoarsitter fan Gemeentebelangen Lemsterland, ferstoarn.
27-10-2011 -
Sjouke Kuindersma, lid FNP-Skarsterlân, ferstoarn (Nijs - Algemien)
Snein 23 oktober 2011 is tige hommels ferstoarn ús lid Sjouke Kuindersma. Sûnt jierren lid fan de FNP ôfdieling Skarsterlân.
26-10-2011 -
Algemiene Ledegearkomste FNP-Skarsterlân (Nijs - Fraksje)
Tongersdei 27 oktober om 20:00 oere yn 't Haske op 'e Jouwer hawwe ús Algemiene Ledegearkomste. Elts lid hat fia de post in útnoeging mei aginda ûntfongen as it goed is. Hjirûnder nochris de aginda:
15-10-2011 -
Gemeentebelangen Lemsterland giet op yn de FNP (Nijs - Weryndieling)
Yn de oanrin nei de ferkiezings foar de nije gemeente (mei as wurknamme) “De Friese Meren” sil Gemeentebelangen Lemsterland opgean yn de FNP.
14-10-2011 -
Fúzjedatum definityf, ôfspraken proseduere Haskerdiken-Nijbrêge (Nijs - Weryndieling)
Minister Donner fan BZK hat de fúzjegemeente 'De Friese Meren' (wurktitel) witte litten dat hy de fúzje fan de 3 gemeenten omearmet, mar fêsthâldt oan de fúzjedatum fan 1 jannewaris 2014, lyk mei de beëage opheffing fan de gemeente Boarnsterhim. De grinskorreksje rûn Haskerdiken-Nijbrêge sjocht hy as in apart trajekt. Dit is it resultaat fan it petear dat de stjoergroep fúzjegemeente De Friese Meren foarige wike woansdei 5 oktober yn De Haach hie op it Ministearje fan BZK.